Frysk better sichtber meitsje

05 jun 2014 - 19:55

De Fryske taal moat better sichtber wurde yn de provinsje. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries tongersdei op it kongres fan de NLPD (Network for the Promotion of Linguistic Diversity). De leden fan dizze Europeeske koepelferiening, dy't de belangen fan streek- en minderheidstalen yn Europa behertiget, binne trije dagen lang yn Fryslân.

Neffens De Vries is it Frysk no benammen in sprutsen taal, mar se wol dat it Frysk ek better op strjitte te sjen is. Projektdirekteur Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018 ûnderskriuwt dy winsk.

It bestjoer fan de Fryske organisaasje EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen) hat de deputearre dêrom tongersdei in boerd oanbean dêr't sawol it Nederlânsk as it Frysk op brûkt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)