Frysk bedriuw ûntwikkelet ierdbevingsbestindige wente

30 mrt 2016 - 17:56
  • VDM ûntwikkelet wenten dy't oer ierdskoddings oant 4 op de skaal fan Richter kinne

It bedriuw VDM Bouw út Droegeham hat in wenning ûntwikkele dy't gjin skea oprint by in ierdbeving oant 4 op de skaal fan Richter. De wente waard woansdei presintearre yn Westerbroek yn de Grinzer gemeente Hoogezand-Sappemeer. Dat gebiet hat te krijen mei ierdbevings as gefolch fan gaswinning troch de Nederlandse Aardolie Maatschappij.

De wenning fan VDM wurdt boud sûnder krûpromte ûnder de wenning. Yn stee dêrfan komme der betonnen platen ûnder it hûs.

Dêrtroch moat de wenning in ierdskodding fan maksimaal 4 op de skaal fan Richter oankinne. By swierdere trillings kin it hûs skea oprinne, mar bliuwt de konstruksje noch wol feilich, seit Jan van der Meer fan VDM.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)