Frysk bedriuw Friso bout nij gebou romtefeartsintrum

06 feb 2016 - 10:32
  • Ympresje fan it nije Nederlands Lucht- en Ruimtevaartsintrum yn Marknesse

It Snitser boubedriuw Friso sil it nije ûnderkommen fan it Nederlands Lucht- en Ruimtevaartsintrum yn Marknesse bouwe. De partijen hawwe freed de kontrakten tekene foar grutskalige nijbou op in terrein fan 18.000 fjouwerkante meter. Der wurkje 300 minsken by it NLR.

Friso bout in nij sintraal gebou, trije kantoargebouwen en sân produksjehallen. Fanwege de wurksumheden moat it gebou foldwaan oan hege easken foar lûd, trillings en temperatuer. Friso sil ek it terrein ynrjochtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)