Frysk Artystegala: 700 minsken

28 aug 2010 - 14:30
  • Piter Wilkens op it Frysk Artystegala op 'e Harkema
  • Piter krige it publyk wol yn beweging...

Sa'n 700 minsken kamen freedtejûn ôf op it earste Frysktalich artystegala op De Harkema. Dêrmei fynt de organisaasje it muzykfeest in súkses.

It wie foar de Stille Genieter in gok om nei 30 jier Nederlânsktalich oer te stappen op Frysktalige muzyk. Doe't bekende nammen as Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en DieTwa optreden, rûn de tinte aardich fol. De oerstap is makke omdat it genre Nederlânsktalich wat op syn retoer is. Takom jier komt der wer in Frysktalich gala op De Harkema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)