Fruitbeammen plante yn Himpens

31 mrt 2007 - 16:36
  • Wethâlder Yvonne Bleize plante ek in beam

Ynwenners fan Himpens ha sneon tsientallen beammen oanplante fan âlde Fryske fruitrassen. It inisjatyf kaam fan Fruit in Friesland en Doarpsbelang. De gemeente Ljouwert hat de grûn beskikber steld foar ûnbepaalde tiid om sa de groei fan de stêd te kearen by it doarp.

Doel is dat it hôf ek brûkt wurde sil as in genedatabank foar de âlde Fryske fruitbeammen sadat oer hûndert jier de beammen noch bestean sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)