Frouljusopfang sjocht yn Berlyn

28 nov 2006 - 16:35

Frouljusopfang Fryslân giet nei Berlyn om te sjen hoe't slachtoffers fan earewraak dêr opfongen wurde. Yn Nederlân is gjin spesjale opfang foar harren. De faak minderjierrige slachtoffers gean nei Blijf van mijn lijf- huzen of Jeugdsoarch. Mar dy kinne lykwols gjin beskerming biede.

De frouljusopfang yn Fryslân fangt sân fan sokke earewraakslachtoffers op. Helpferlieners witte faak net hoe't se it oanpakke moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)