Frouljusopfang krijt nije namme

17 des 2006 - 17:30

De Frouljusopfang Fryslân krijt fan 1 jannewaris ôf in nije namme: Fier!Fryslân. Dit om't de âlde namme net langer paste by de hjoeddeiske wurksumheden fan de organisaasje.

Sa wurde der tsjintwurdich net allinnich mear froulju opfong, mar is der ek hieltyd mear omtinken foar manlju en bern. Sa kinne net allinnich de slachtoffers, mar ek de dieders fan húslik geweld oankloppe by de opfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)