Frouljushannel op it spoar

08 aug 2003 - 00:00

De plysje rôlet in netwurk fan frouljushannelers op. Neffens de resjerzje is der nei alle gedachten sprake fan in kriminele organisaasje. De plysje hat tongersdei yn Ljouwert in Albanees (31) oppakt. Hy wurdt fertocht fan hannel yn froulju. Twa prostituees út Amsterdam ha oanjefte dien. De man hie har yn de prostitúsje brocht en ynkassearre sels it jild.

Yn septimber begjint in team fan de plysje dat him taleit op prostitúsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)