Frouljusfuotbal op tv by RTL

29 aug 2007 - 14:01

Bylden fan de wedstriden fan it froulju's earedivyzjeteam fan sc Hearrenfean binne tenei te sjen op RTL. Dy stjoerder hat de rjochten fan it earedivyzje-fuotbal foar froulju binnenhelle. Alle sneon- en sneintemiddeis sil der omtinken wêze foar de wedstriden.

Yn de earedivyzje dogge seis teams nei. Njonken sc Hearrenfean binne dat teams fan Ado Den Haach, AZ, FC Utrecht, FC Twente en Willem II.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)