Frouljusfuotbal op It Fean

20 mrt 2007 - 11:50
  • It frouljusfuotbal Hearrenfean

De Sportklub Hearrenfean is ien fan de seis klubs dy't meidogge oan de nije earedivyzje fan it frouljusfuotbal. Dat is tiisdeitemoarn yn Zeist bekend makke. De oaren binne: ADO Den Haach, AZ Alkmaar, FC Utrecht, FC Twente en Willem II.

Cambuur hie ek graach meidwaan wollen, mar it die bliken dat de KNVB allinne mar each hie foar klubs út de earedivyzje. Dêrom hat Cambuur him in pear dagen lyn weromlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)