Frouljusfuotbal liket rêden

17 feb 2014 - 19:27
  • SC Hearrenfean

De froulju fan SC Hearrenfean kinne dit fuotbalseizoen dochs ôfmeitsje. Dat is de útkomst fan in oerlis dat moandeitemiddei plakfûn hat. Ponghâlder Jan van Zanden seit dat it tekoart fan 85.000 euro tichte wurde kin.

Hoe't de begrutting slutend makke wurdt, wol Van Zanden lykwols noch net sizze. Tiisdei moat der ynhâldlik earst fierder praat wurde.

It frouljusteam falt ûnder in aparte stichting en net mear ûnder de lieding fan SC Hearrenfean. Van Zanden seit dat de bannen mei de klup no dochs wer oanhelle wurde sille om it frouljusfuotbal fan de ûndergang te rêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)