Frouljusfuotbal It Fean rêden

28 apr 2011 - 15:53
  • De froulju kinne in nij seizoen begjinne

It frouljusfuotbal by Sportklup Hearrenfean is rêden. Dat is tongersdei bekend makke. In pear wike lyn liet de direksje fan Hearrenfean oan de spylsters witte op te hâlden mei it frouljusfuotbal. It soe tefolle jild kostje.

Foar it frouljusteam is in budzjet nedich fan 200.000 euro per seizoen. De KNVB betellet 150.000 euro. De ôfrûne wiken moasten de froulju de lêste 50.000 euro binnen helje en dat is slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)