Frouljusfuotbal Fean hâldt op

10 apr 2012 - 16:05
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

SC Hearrenfean hâldt op mei frouljusfuotbal. It team makket it seizoen ôf, mar stapt dêrnei út de earedivyzje froulju. Dat ha de direksje en de ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean besletten. Finansjele oerwagings binne reden om mei it frouljusfuotbal op te hâlden.

Der wurdt no besjoen oft it frouljusfuotbal by in amateurklup fierder kin en dan de lisinsje fan SC Hearrenfean krijt. Foarich jier woe de klup ek al mei it team ophâlde, mar doe ha de spylsters dêr in stokje foar stutsen troch sels foar sponsors te soargjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)