Froulju yn Snits mishannele

10 jan 2005 - 06:51

De plysje hat sneintemoarn betiid twa manlju út Snits oanholden fanwege swiere mishanneling fan twa froulju. Even dêrfoar hie de plysje in melding krigen fan in fjochtpartij oan de Nautastrjitte.

By oankomst yn de strjitte fûn de plysje foar in hûs twa ferwûne froulju oan. De twa fertochten koe de plysje by it hûs oanhâlde. Ien fan de froulju is mei kniesde ribben yn it sikehûs opnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)