"Froulju wurde aventoerliker troch 50 Shades of Grey"

12 feb 2015 - 17:02
  • De lingerie moat oan kant om romte te meitsjen foar sm-boartersguod
  • Swykes yn de Drachtster erotykwinkel

It súkses fan de eroatyske film '50 Shades of Grey' kin wolris bliuwend fan ynfloed wêze op it sekslibben fan de froulju yn Fryslân. Dat seit sekswinkel-eigneresse Eva van der Heide fan Drachten. Sy ferkeapet yn har winkel 'Fun4Pleasure' oan it Mûnein no folle mear hânboeien, maskers en tepelklemmen.

Mei tank oan it boek en de film gean folle mear froulju oan it eksperimentearjen mei seks. Van der Heide fynt dat in goede saak. Benammen foar stellen dy't lang byinoar binne, kin wat mear aventoer de relaasje rêde, sa seit se.

Van der Heide hie yn 2014 in hiel goed jier mei har saak, troch it sukses fan '50 shades of grey'. Sa sil meikoarten har saak reorganisearje. De winkel krijt in aparte hoeke mei bondage en sm-guod, want dêr is in soad fraach nei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)