Froulju wolle hotel keare

08 okt 2013 - 08:12

Fjouwer Skylger froulju wolle de bou fan in hotel by de baai Dellewal by West-Skylge tsjinhâlde. Dêrfoar hawwe se de Stichting Baai Dellewal oprjochtten. Der binne plannen om op de Dellewal in hotel te bouwen mei goed santich keamers.

Om it gebiet te behâlden, wolle de froulju de grûn keapje. Dêrfoar is 2 miljoen nedich. Om dat bedrach by elkoar te krijen, is de help fan oare Skylgers nedich. Dy kinne in sertifikaat keapje, wêrmei't se rjocht krije op in stik grûn. As der genôch sertifikaten ferkocht wurde, kin de Stichting de grûn keapje.

Mocht it hotel der wol komme, dan wurdt it soarchfâldich ynpast yn de omjouwing. Dat seit wethâlder Teun de Jong fan Skylge. It kolleezje wol de grûn ferkeapje, want boargemaster en wethâlders kinne it jild goed brûke. It giet om rûchwei 2 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)