Froulju winne achterfolging

08 des 2013 - 17:29
  • Marrit Leenstra, hjir mei Ireen Wüst en Diana Valkenburg

Marrit Leenstra hat mei Ireen Wüst en Jorien ter Mors by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn de ploege-achterfolging wûn. Se diene dat yn in tiid fan 2.58.19, dêrmei bleaunen se de nûmer twa, Poalen, hast trije sekonden foar. Súd-Koreä waard tredde. De Kanadeeske froulju, dy't op de ôfstannen sa goed rieden, kamen net fierder as in fiifde plak. Yn it klassemint giet Nederlân royaal oan de lieding. Poalen is twadde en Kanada tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)