Froulju stelle beurs âlde frou

26 jul 2014 - 12:43

Twa froulju fan 18 en 19 jier út Ede yn Gelderlân binne freedtemiddei oanhâlden op fertinking fan stellerij. Yn in supermerk oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert berôven se in 84-jierrige frou út de Fryske haadstêd. In meiwurker seach dat de beurs fan de frou stellen waard. De fertochten binne oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. It slachtoffer hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)