Froulju Snits kinne net stunte

04 mrt 2010 - 22:47
  • De Snitser follybalsters (argyffoto)

De follybalfroulju fan Snits koene tongersdeitejûn yn de earste wedstriid fan de heale bekerfinale net foar in stunt soargje, Dros/Alterno, de A-league ploech út Apeldoarn, wie yn de Snitser sporthal mei 3-1 te sterk. De setstannen: 16-25, 20-25, 25-21 en 17-25.

Foar Snits wie it in moaie test, want it team fan trainer Derk de Saegher wurdt earstdeis kampioen fan de B-league en promovearret dan nei de A-league. Takom wike wurdt der wer spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)