Froulju SC Hearrenfean winne thús fan Telstar: 2-1

29 jan 2016 - 22:33
  • De Hearrenfean froulju (argyffoto)

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe freedtejûn op sportpark Skoatterwâld mei 2-1 wûn fan Telstar. De ploech fan trainer Fred de Boer is dêrmei goed út de winterstop kaam. Hearrenfean wie de bettere partij en stie by skoft al mei 1-0 foar, troch in doelpunt fan Marlies Slegter.

Yn de twadde helte brocht Suzanne Admiraal fan Telstar de spanning noch wol efkes werom troch de 1-1 op it boerd te setten, mar úteinlik soenen de Friezinnen troch in doelpunt fan Dorien Zeinstra oan it langste ein lûke: 2-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)