Froulju SC H´fean ferlieze wer

07 feb 2008 - 22:31

De froulju fan de SC_Hearrenfean ha tongersdei opnij in wedstriid ferlern. Yn Tilburg waard it 5-2 foar Willem II. Foar de rêst stie Hearrenfean al mei 2-0 achter. Ut in penalty waard it 3-0 en like it dien te wêzen. Brenda Eefting en Cynthia Beekhuis diene foar de Feansters dochs noch wat werom.

Yn de stân is foar de Feansters neat feroare. SC Hearrenfean bliuwt sechsde en lêste yn de kompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)