Froulju sa goed as wis troch

26 apr 2011 - 13:35

It is sa goed as wis dat Sportklup Hearrenfean trochgiet mei frouljusfuotbal. Dat seit Wim Jurg fan de sponsorgroep dy't dwaande is om jild byinoar te sammeljen. Der moat noch 4500 euro komme. De froulju moatte yn totaal 50.000 euro op it kleed bringe en dêrfan is it grutste part no binnen.

De klup wol yn prinsipe wol fierder, salang as it mar gjin jild kostet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)