Froulju op ynbrekkerspaad

09 feb 2011 - 10:26

Op De Jouwer binne tiisdeitemiddei trije froulju út Nieuwegein en ien út Vleuten oanhâlden omdat se ynbrutsen hiene yn in hûs oan de Harddraversweg.

In tsjûge hie sjoen dat de froulju it hûs yngien wiene. Dy fertroude de saak net en warskôge de plysje. Twa plysjes kamen de froulju letter tsjin yn de Tsjerkestrjitte en seagen dat se wat yn de boskjes smiten hiene. Yn de boskjes fûnen se sieraden, nei alle gedachten stellen by de ynbraak. De froulju binne meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)