Froulju op dievepaad It Fean

04 okt 2012 - 09:42

Trije froulju fan It Hearrenfean en Aldskoat binne woansdei oanhâlden foar stellerij út in winkel en heling. De jongste fertochte (17), waard op stellerij betrape yn in winkel oan de Dracht. Se hie twa grutte tassen by har mei guod dat yn oare winkels stellen wie. By har wie in frou fan 19, sy naaide út mar koe letter noch oanhâlden wurde.

Ut ferhoar die bliken dat de twa folle faker út stellen west hiene en it stellen guod levere hiene oan in 34-jierrige frou fan It Hearrenfean. Yn har wenning waard noch folle mear guod fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)