Froulju op dievepaad

29 feb 2008 - 10:51

De plysje warskôget foar in pear froulju dy't de lêste wiken yn de súdeasthoeke fan de provinsje âldere minsken bestellen ha. Meastal giet it om in jongere en in âldere frou mei in Súd- of East-Europeesk uterlik.

De froulju komme mei in smoesje oan de doar. Se sizze dat se ûndersyk dogge foar de thússoarch, dat se in artikel skriuwe oer âlderen of dat se yn de buert wenje en in fraach hawwe. In tredde presoan siket dan it hûs troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)