Froulju oerfallen yn Snits

08 feb 2008 - 10:27

De plysje siket tsjûgen fan twa oerfallen yn Snits, woansdei. Om kertier foar fiven besocht in man op de Oosterdijk in frou fan har tas te bestellen. Omdat se begûn te razen en har tas beethâlde, slagge dat net.

De man is útnaaid, de frou rekke ferwûne oan har ankel. Flak dêrnei slagge in oerfaller op it Kaatsland der wol yn om in tas fan in frou ôf te pakken. De plysje tinkt dat it om deselde dieder giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)