Froulju oerfalle ek minsken

20 okt 2005 - 13:40

Ek froulju meitsje har yn Ljouwert skuldich oan strjitrôf. Der wurdt wol tocht dat allinne jonge manlju en jongens de lêste tiid foaral de binnenstêd fan Ljouwert ûnfeilich meitsje. De plysje stelt dat byld lykwols by. Der binne sûnt ferline jier alve froulju oppakt foar strjitrôf en 83 manlju.

It tal oerfallen nimt wol ôf, de lêste wiken. Der wurde ek in soad strjitrôven oplost: 35 persint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)