Froulju oanhâlden foar stellerij

06 nov 2003 - 00:00

De plysje yn Grins hat trije Antilliaanske froulju oanhâlden foar it stellen fan merkklean en oar lúks guod út in grut tal winkels yn it Noarden. De froulju wiene ûnder oare aktyf yn Ljouwert en Drachten.

Se ferkochten it stellen guod yn in winkel oan hûs. Ek waard guod trochferkocht oan famyljeleden yn Nederlân en op Curaçao. De stellerij smiet de froulju jierliks sa'n 100.000 euro op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)