Froulju mei drugs yn diskoteek

09 nov 2008 - 16:02

Twa 17-jierrige froulju út Ljouwert en Aldeboarn binne yn de nacht fan sneon op snein oanholden yn in diskoteek yn Berltsum op fertinking fan drugsbesit. In meiwurker alarmearre de plysje doe't er de froulju mei fertochte pûdsjes seach.

By fûljearring waard by de froulju yndied drugs oantroffen, wêrnei't se meinommen binne nei it buro. Beide froulju krigen in proses-ferbaal en de frou út Ljouwert waard foar neier ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)