Froulju Jong Oranje yn prizen

19 nov 2011 - 15:45

Letitia de Jong van Feanwâlden hat by de wrâldbekerwedstriden foar junioaren yn it Noarske Bjugn de 1000 meter wûn. Se die dat yn 1.22.10. De rydster fan Jong Oranje waard ek noch twadde op de 500 meter yn 40.85.

Twa oare froulju út de Jong Oranje-ploech, Reina Anema fan De Gordyk en Antoinette de Jong fan Rottum, diene it op de 1000 meter ek prima. Sy waarden tredde en fjirde. De Fryske jonges koene net meidwaan om de prizen. Paul-Yme Brunsmann fan Twellingea waard 14e op de 1500 meter en 16e op de 3000 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)