Froulju hifkje Ljouwerter huzen

02 apr 2001 - 00:00

Alle nije huzen yn Ljouwert wurde tenei earst hifke op praktyske brûkberens troch froulju. De gemeente hat de VAC, de Vrouwen Advies Commissie, tasein dat hja earst de boutekening beoardiele mei.

De VAC jout op wol mear plakken advys, mar dêr is it frijbliuwend. Huzebouwers meie yn Ljouwert it advys fan de VAC allinnich fersmite as se goede tsjinarguminten hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)