Froulju H'fean winne mei 6-1

13 nov 2008 - 23:29

De froulju fan de Sportclub Hearrenfean ha tongersdeitejûn mei 6-1 wûn fan Roda JC. Yn Kerkrade foelen yn de earste helte gjin doelpunten.

Nei it skoft kaam Roda oan de lieding, mar Sherida Spitse makke daliks dêrnei de lykmakker. Dêrnei wie der gjin hâlden mear oan foar de thúsploech. Sylvia Smit en Sherida Spitse makken om bar de Feanster doelpunten. Beide spylsters wiene goed foar trije treffers. Hearrenfean hat no 13 punten út 8 wedstriden en stiet tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)