Froulju Hearrenfean winne wer

08 okt 2010 - 08:36

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe tongersdei de útwedstryd tsjin Willem II mei 3-1 wûn. De ploech stiet nei 4 wedstriden oan kop mei 10 punten. De froulju nimme de kop oer fan ADO Den Haach dat mei 2-0 fan Utrecht ferlear.

Hearrenfean begûn wat ûnwis mar kaam flak foar it skoft wol op 1-0 troch Shanice van de Sanden. Nei de tee wie Hearrenfean de baas en drukte dat út troch doelpunten fan Cynthia Beekhuis en noch in kear Van de Sanden. Karin Stevens skoarde dêrnei noch tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)