Froulju Hearrenfean treffe Ajax yn kwartfinale KNVB beker

21 feb 2015 - 08:17
  • Fuotbalfroulju SC Hearrenfean

De froulju fan Sportklup Hearrenfean moatte it yn de kwartfinale fan de KNVB beker opnimme tsjin Ajax. Dat hat in lotting freedtejûn bepaald. Dy lotting waard hâlden nei de kompetysjewedstryd dy't Hearrenfean en Ajax tsjinelkoar spilen. Ajax wûn dy wedstryd mei 1-0. Wannear't de bekerwedstriden krekt hâlden wurde, wurdt kommende moandei bekend. Al wol dúdlik is, is dat dat yn it wykein fan 13 oant en mei 15 maart wêze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)