Froulju Hearrenfean ferlieze

18 sep 2008 - 22:46
  • Sherida Spitse (foto Martin de Jong)

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe tongersdei mei 2-1 ferlern fan FC Utrecht. De earste 20 minuten wiene foar Hearrenfean, mar dat smiet gjin goals op. Dêrnei kaam FC Utrecht op foarsprong troch in fan rjochting feroare bal. Fiif minuten foar de ein fan de earste helte makke Sherida Spitse de iennichste Hearrenfean-goal. Yn de twadde helte besochten de Friezen it noch wol, mar kamen wer op achterstân troch in goal út in frije traap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)