Froulju fertocht fan fraude

15 jun 2010 - 14:43

Trije ynwensters fan de gemeente Weststellingwerf wurde fertocht fan útkearingsfraude. Se hawwe ten ûnrjochte in bystânsútkearing krigen. Mei elkoar giet it om in bedrach fan hast 110 tûzen euro.

In 56-jierrige frou út Noardwâlde moat goed 74 tûzen euro werom betelje. By in 45-jierrige ynwenster fan Wolvegea giet it om in bedrach fan hast 22 tûzen en in 49-jierrige frou fan Wolvegea moat hast 15 tûzen euro werom betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)