Froulju fan H'fean ferlieze

09 okt 2008 - 23:09

De froulju fan sportclub_Hearrenfean hawwe mar krekt ferlern fan koprinner Willem II. Yn Tilburch wie Willem II mei 1-0 te sterk. Healwei de earste helte makke Jessica_Torny fan Willem II de ienichste en winnende goal. Hearrenfean krige yn 'e twadde helte noch wol wat kânskes, mar dat wie net genôch foar in punt.

Hearrenfean is no nei fjirde mei sân punten út fiif wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)