Froulju Drachtster Boys ûnderút by Pernis

07 nov 2015 - 12:43
  • Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys ferlearen freedtejûn mei 5-1 fan Pernis. Yn Súd-Hollân rûnen de Drachtsters fan begjin ôf oan efter de feiten oan. By rêst stie der in 5-0 stân op it boerd yn it foardiel fan de thúsploech.

Yn de twadde helte soarge Esther van Toledo foar de 5-1, mar fierder kamen de Drachtster froulju net. Ek by Pernis wie it krûd damp, wêrtroch't dit de einstân waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)