Froulju beskermje pisjende man

28 maaie 2010 - 10:49

De plysje hat it tongersdeitenacht yn Drachten drok hân mei in pisjende man (27). Hy waard trapearre op 'e Eibertsbek. Doe't de plysje him oanhâlde woe, besochten twa froulju dat foar te kommen troch de plysje oan te fallen. De man sels wraksele ek bot tsjin.

De plysje besocht mei pepperspray de man yn 'e boeien te slaan, mar hy naaide út. Letter dyselde nachts melde er him op it plysjeburo. De twa froulju wiene dêr doe al nei ta brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)