Froulju berôvje âldere frou

26 nov 2009 - 10:01

De plysje ûndersiket de stellerij fan in beurs by in âldere frou thús yn Ljouwert. Twa froulju bellen by de 83-jierrige frou oan en stelden har foar as nije buertbewenners. Doe't se it fertrouwen fan it slachtoffer wûn hiene, liet dy har deryn.

Ien fan de froulju hâlde de âlde frou oan de praat. De oare wist doe de beurs achteroer te drukken. Se binne útnaaid yn in auto. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)