Froulju 6.000 euro lichter

07 apr 2013 - 11:31

Twa Belgyske froulju binne sneon op It Hearrenfean foar hast 6.000 euro oplicht. Se hiene oan it begjin fan de middei op de Turfsteker ôfpraat mei in man dy't har in asperzjemasine ferkeapje soe. De man stapte by de froulju yn har bestelbus, stjoerde har nei de Nieuwstrjitte en stapte dêrút. Hy hie it jild doe al krigen. De man sei dat er de masine ophelje soe, mar kaam net werom. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha of dy't witte wa't de man is, oft se har melde wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)