Froulike skiedsrjochters socht

19 sep 2013 - 22:01
  • Froulike skiedsrjochters oan it trainen

It fuotbalbûn KNVB hat in grut tekoart oan froulike skiedsrjochters. Benammen troch de grutte groei yn it froulju's fuotbal is der ferlet fan in hiel soad nije skiedsrjochters. Yn Noard-Nederlân binne op dit stuit mar acht froulju aktyf en neffens de KNVB moatte dêr de kommende jierren tsientallen bykomme. Nije wike tongersdei begjint it fuotbalbûn dêrom mei in wervingskampanje.

By de Drachtster Boys kinne belangstellenden har tongersdeitejûn byprate litte troch de froulju dy't no al aktyf binne.

Doel fan de KNVB is om úteinlik de groep froulike skiedsrjochters sa bot groeie te litten dat der ek in oantal trochbrekke yn it ynternasjonale fuotbal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)