Froulike frijwilligers socht

02 okt 2007 - 16:32

Rêdingsmaatskippij KNRM yn Lauwerseach siket nije frijwilligers. Der wurde net allinne manlju, mar ek froulju socht. Der binne gau nije minsken nedich om 24 oere deis help ferliene te kinnen op de Waadsee en de Lauwersmar.

Der sit in soad tiid yn it frijwilligerswurk. Der binne bygelyks kursussen radar en navigaasje. Kandidaten moatte yn de buert wenje, graach farre meie en goed sûn wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)