Froubuorren hat doarpsflagge

13 aug 2010 - 12:23

Ynwenners fan Froubuorren meie sûnt freed de flagge úthingje. Begjin dit jier hat de Fryske Rie foar Heraldyk foar it doarp in ûntwerp makke en no is de flagge klear. Op de flagge is in read-wite balke boppe en in wyt-reade balke ûnder te sjen en yn de midden in grutte swarte balke. Oan de linkerkant is in blauwe trijehoek te sjen mei dêryn in Frânske giele leelje.

It is doarpsfeest en dêrom waard freedtemoarn it earste eksimplaar oan de feestkommisje oerlange.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)