Frou yn sintrum fan It Hearrenfean trappearre op stellerij

19 maaie 2015 - 10:46

Meiwurkers fan in winkel oan de Dracht op It Hearrenfean hawwe moandei in 25-jierrige frou sûnder fêst wenplak oanhâlden foar stellerij. De frou woe tegearre mei in ûnbekende man sportklean stelle, mar it duo waard trappearre.

De man naaide út. De frou waard meinaam nei it plysjeburo en joech in falske namme op. Ut ûndersyk die bliken dat de frou foar ferskate oare saken heard wurde moast. Se sit dêrom noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)