Frou yn rolstoel te wetter

14 mrt 2009 - 10:53

In 71-jierrige frou út Twizelerheide is freedtemiddei op de Spoarbuorren Noard yn Kollumersweach mei har rolstoel te wetter rekke. De frou wie yn de berm telâne kaam en foel dêrnei yn de sleat. It slachtoffer wie yn it selskip fan in 43-jierrige frou, ek út Twizelerheide. Dy fersoarge de earste help.

Mei help fan ambulânsepersoaniel koe it slachtoffer út de sleat helle wurde. De frou is mei ûnderkuolling ferskynsels oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)