Frou yn Ljouwert ferûngelokke

29 jun 2006 - 15:11

In 73-jierrige frou út Ljouwert is woansdei ferstoarn nei in ûngelok op de krusing Spanjaardsleane-Rengers- leane. Se waard by it oerstekken op de fyts oanriden troch in auto bestjoerd troch in 24-jierrige stedgenoat.

Tsjûgen seine dat dy auto te hurd ried. De bestjoerder is oanhâlden. De fytster is mei swiere ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht en dêr yn 'e rin fan 'e jûn ferstoarn. De plysje wol graach prate mei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)