Frou yn Hoarnstersweach oerfallen yn har wenning

20 aug 2015 - 11:19
  • Pepperspray

In 56-jierrige frou út Hoarnstersweach is woansdeitejûn yn har hûs oan it Tsjerkepaed oerfallen troch twa manlju. Dat gebeurde om healwei alven hinne. De frou krige pepperspray yn it gesicht. De beide fertochten hawwe jild meinaam en binne dêrnei útnaaid. De plysje hat mei in speurhûn socht nei de oerfallers.

Ek waard in oprop dien fia burgernet om nei se út te sjen. De twa binne noch net fûn. It giet om twa manlju út east-Europa, tusken de 25 en 40 jier.

Ien fan de beide mannen hie in baseballpet op en in rêchtas by him. De plysje freget minsken yn de omkriten fan it Tsjerkepaed en automobilisten, dy't woansdeitejûn oer de Schoterlandsewei riden ha, bysûnderheden te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)