Frou yn Drachten delstutsen

08 mrt 2011 - 10:54

Yn Drachten is moandeitejûn in 42-jierrige frou út De Jouwer delstutsen. De plysje hie in melding krigen dat op de Noordkade in frou lei, dy't út de tiid wie. Doe't de plysje dêr kaam, stie der in 41-jierrige frou, ek út De Jouwer, by it slachtoffer. Sy fertelde dat it slachtoffer nei in rûzje út de auto sprongen wie.

Nei't it slachtoffer ûndersocht wie, die bliken dat se stutsen wie. De frou fan 41 is doe oanhâlden om't se derfan fertocht wurdt dat se stutsen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)