Frou út Wurdum stoarn

15 okt 2003 - 00:00

In 35-jierrige frou út Wurdum is tiisdeitenacht yn it sikehûs yn Ljouwert stoarn. Se waard yn it begjin fan de nacht troch har partner yn in sleat oan de Swichumerdyk fûn. Se wie net by kennis. Mooglik hie se in epilepsy-oanfal.

Personiel fan de ambulânse besocht it slachtoffer te reanimearjen. Yn it MCL stoar se letter. De plysje hat de saak yn ûndersyk en docht yn it ramt derfan gjin neiere meidielingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)